Springe nei ynhâld

Wittmund (distrikt)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Distrikt Wittmund)
Lânkring Wittmund
wapen
Statistyk
Ynwennertal 58.396 (2023)
Oerflak 656,84 km²
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Oar
Adres bestjoer Am Markt 9
26409 Wittmund
(Eastfryslân)
Yndieling 19 gemeenten
Kenteken WTM
Webside landkreis-wittmund.de

Wittmund is in distrikt (Landkreis) yn East-Fryslân in de Dútske dielsteat Nedersaksen. It hat in oerflak fan 656,63 km² en in ynwennertal fan 58.396 (2023). Mei in oerflak fan 656,84 km² hat it distrikt in befolkingstichtens fan 89 ynw./km².

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wittmund leit yn it noarden fan Nedersaksen, oan 'e Waadsee. It distrikt grinzget oan de distrikten Leer yn it súdwesten, Auwerk yn it westen, en de Friesland yn it easten. Wittmund makket diel út fan de regio Eastfryslân en de histoarysker regio Harlingerlân. Dêrneist hearre der noch twa Eastfryske Waadeilannen by it distrikt: Langereach en Spikereach.

It lânskip fan Wittmund wurdt foaral karakterisearre troch flakke, agraryske gebieten, bosken en feangebieten. It distrikt leit ek foar in part fan it Nasjonale Park Niedersächsisches Wattenmeer, dat ûnderdiel is fan it grutte Waadsee-gebiet, dat op 'e list fan UNESCO Wrâlderfskip stiet. Op 'e eilannen binne sânstrannen en natuergebieten dy't populêr binne by toeristen.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wittmund ûntstie as distrikt yn 1885, en waard yn 1977 mei Ammerlân en Fryslân gearfoege ta in nij, grutter distrikt Fryslân. Dy gong fan saken waard lykwols troch in rjochterlike útspraak tsjinkeard, mei as gefolch dat de trije oarspronklike distrikten yn 1980 weroprjochte waarden.

Yn 2005 is yn Nedersaksen in besjoerlike herfoarming trochfierd dêr't it ferskil tusken stêden en frije gemeenten by ferdwûn is, dy wurde no oantsjutten as Ienheidsgemeenten. Dêrneist wurkje de lytsere gemeenten gear as samtgemeinde. Wittmund hat 4 Ienheidsgemeenten en 2 Samtgemeinde, dy't mei-elkoar 15 gemeenten omfetsje.

Ienheidsgemeenten:

  1. Wittmund
  2. Friedeburg
  3. Langereach
  4. Spikereach

Samtgemeinde mei de dielnimmende gemeenten

1.Samtgemeinde Esens

  1. Dunum
  2. Esens
  3. Holtgast
  4. Moorweg
  5. Neuharlingersiel
  6. Stedesdorf
  7. Werdum

2.Samtgemeinde Holtriem

  1. Blomberg
  2. Eversmeer
  3. Nenndorf
  4. Neuschoo
  5. Ochtersum
  6. Schweindorf
  7. Utarp
  8. Westerholt
 
Nedersaksen
Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg