Alexander Burger
Appearance
Alexander Burger (It Hearrenfean, 1999) is in Nederlânsk filmmakker, dogger fan voice-overs en sjoernalist.
Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 2020 studearre hy ôf oan D'Drive Film & Media yn Ljouwert, mei syn koarte film Troebel Water. Under syn stúdzje rûn er staazje by it doetiidske Omroep LEO, dêr 't er ferslachjouwer en voice-overwurk die foar nijsreportaazjes. In 2018/2019 spruts er ferskate websearjes yn foar Netherlandssoccer.
Yn 2022/2023 hat er wurksum west as ûndersykssjoernalist by RTV NOF.[1] Hy publisearre oer de tapassing fan stielslakken en it brûken en belang fan de AED.
Op 5 jannewaris 2023 wie hy ien fan de presintatoaren fan it radioprogramma Sis it mar! by Omrop Fryslân.[2]
Voice-over (seleksje)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- (2018-2019) YouTube kanaal Netherlandssoccer
- (2020) De komst van de F-35, koarte dokumintêre
- (2021) Huizum op film, fertoand by it Noardelijk Film Festival
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Alexander Burger yn de IMDb
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |