Springe nei ynhâld

Esens (Samtgemeinde)

Ut Wikipedy

Samtgemeinde Esens is in bestjoerlike gearwurking yn it distrikt Wittmund yn de dielsteat Nedersaksen, Dútslân. De Samtgemeinde is neamd nei de stêd Esens, dy't it bestjoerlik sintrum is. De Samtgemeinde Esens bestiet út ferskate lytse gemeenten: Dunum, Esens, Holtgast, Moorweg, Neuharlingersiel, Stedesdorf en Werdum.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Samtgemeinde Esens leit yn it noardwesten fan Dútslân yn it noarden fan it distrikt Wittmund. It gebiet is karakterisearre troch in flak lânskip mei in miks fan agrarysk lân en kustgebiet mei seediken. Súdwestlik fan it plak Esens binne ferskate bosken.

Bestjoer en polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Samtgemeinde Esens wurdt bestjoerd troch in gearwurking fan de sân lytse gemeenten dy't it foarmje. It bestjoer is ferantwurdlik foar saken lykas ynfrastruktuer, miljeubehear en lokaal ekonomysk belied.

Kultuer en toerisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch syn lokaasje oan 'e Waadsee en pitoreske doarpkes is de regio populêr ûnder toeristen. Der binne ek frijwat fakânsjehuzen, dêr't benammen pinsjonearren wenje. Fan Bensersiel fart de fearboat nei Langereach, fan Neuharlingersiel ôf fart de fearboat nei Spikereach.