Hoito Dornseiffen
Appearance
Hoito Godert Dornseiffen (It Hearrenfean, 25 jannewaris 1841 - dêre, 3 jannewaris 1922) wie in minnistysk predikant.
Hy stie fan 1867-1902 yn Terherne. Hy besocht om skippersbern ûnderwiis te jaan. Ut it "Terhornsche fondsje" groeide it Skoalfûns foar Skippersbern (1882) dat troch Dornseiffen laat waard oant 1910.
Doe't Dornseiffen stoarn wie kamen der gjin fertsjintwurdigers fan de skippersmienskip op de begraffenis. Dêr waard skande fan sprutsen en de Federatie van Friese Schippersverenigingen rjochte doe in kommisje op om jild yn te sammeljen foar in monumint foar dûmny Dornseiffen.[1] It monumint krige plakje foar de meniste tsjerke fan Terherne.
Dornseiffen troude op 2 septimber 1881 mei Agatha Johanna Rutgers (1844-1924)[2]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Hoito Dornseiffen by Doopsgezinde Historische Kring, mei portret.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|