Springe nei ynhâld

Ludwig Becker

Ut Wikipedy

Ludwig Becker (Keulen, 19 novimber 1855 - Mainz, 13 july 1940) wie in Dútske arsjitekt.

Becker restaurearre, ferboude en boude mear as 300 tsjerken. Hy paste dêrby in soad stylfoarmen fan it histoarisme ta en wurke in soad tegearre mei Anton Falkowski.

Foar de Earste Wrâldkriich hiene Becker en Falkowski in foarkar foar romaanske en goatyske foarmen, dêrnei ienfâldige barok. Sûnt 1930 paste er ek ekspresjonistyske stylfoarmen ta.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Becker waard yn Keulen berne en syn heit wie yn tsjinst fan it kapittel fan 'e Keulse dom. Becker studearre sûnt 1873 oan 'e Technyske Hegeskoalle fan Aken en die ûnderfining op by de wurkpleats fan 'e Keulske dom.

Sûnt 1884 wied er tsjerke-arsjitekt yn Mainz en fan 1909 oant 1940 wied er oan 'e Mainzer dom ferbûn.

Becker hie mei Anton Falkowski in arsjitektenburo. Letter wurke syn soan Hugo Becker (1897-1967) ek by him.

Becker waard op it Mainzer stedstsjerkhôf begroeven.

Wurk (kar-út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gebouwen fan Ludwig Becker fan Wikimedia Commons.