Master of Puppets is it tredde studio-album fan Metallica. It album waard opnommen fan septimber oant en mei desimber yn de Sweet Silence studio's yn Kopenhagen en waard inkelde moannen letter op 3 maart1986 útbrocht, it wie it earste album dat útbrocht waard fia it platelabel Elektra. It is it lêste album dêr't bassist Cliff Burton noch op te hearren is.