Piet Adema
![]() Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is. |
---|
Piet Adema | ||
![]() | ||
Algemien | ||
Berne | 6 novimber 1964 | |
Berteplak | De Pein | |
Funksje | Minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit | |
Sûnt | 3 oktober 2022 | |
Partij | CU | |
Religy | grifformeard-frijmakke | |
Politike funksjes | ||
2000-2003 | foarsitter fan KristenUny Fryslân | |
2007,2011 | lid Provinsjale Steaten fan Fryslân | |
2007-2011 | lid Deputearre Steaten fan Fryslân | |
2011-2012 | waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen | |
2012-2013 | polityk sekretaris KristenUny | |
2013-2021 | partijfoarsitter KristenUny | |
2013-2014 | waarnimmend boargemaster fan Tynaarlo | |
2014-2015 | waarnimmend boargemaster fan Borger-Odoorn | |
2022-2024 | minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit |
Pieter (Piet) Adema (De Pein, 6 novimber 1964) is in Frysk politikus foar de KristenUny en bestjoerder. Hy is sûnt 3 oktober 2022 minister fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit yn it kabinet-Rutte IV.
Oplieding en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Piet Adema hat nei de mafû enerzjytechnyk op de mts dien en letter hat er oan de Iepen Universiteit modulen organisaasjekunde folge. Yn 1994 hat er bedriuwsfiering enerzjytechnyk dien. Hy sette mei syn karriêre útein as ljochtadviseur en ferkeaplieder. Dêrnei wurke er by in ynstallaasjebedriuw dêr't er kommersjeel foaroanman waard. Hy sette yn 1991 mei syn eigen ûndernimming útein, mar ferkocht dat bedriuw yn 1997. Dêrnei gie er by de direksje fan de Breman Groep oan it wurk. Yn 1999 waard er kritedirekteur fan VolkerWessels en wie dêre fan 2005 ôf ynterim-foaroanman.
Politike karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Provinsje Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Om 1990 hinne waard Adema bestjoerlik aktyf yn it Grifformeard Polityk Ferbûn (GPV) yn Fryslân. Nei de fúzje fan it GPV mei de Reformatoaryske Politike Federaasje (RPF) ta de KristenUny wie er ek yn de nije partij warber. Oant 2003 wie er foarsitter fan de provinsjale ôfdieling fan de KristenUny.
It provinsjaal bestjoer besleat yn 2006 yn it ramt fan de Provinsjale Steateferkiezings fan 2007 yn plak fan Rein Ferwerda in nije listoanfierder keazen wurde soe. Adema waard dêrfoar frege en waard dêrmei de Fryske KristenUny-listoanfierder. Nei dy ferkiezings waard foar it earst yn Fryslân en noch guon oare provinsjes in kolleezje fan Deputearre Steaten foarme dêr't de KristenUny part fan wie. Adema, dy't mei twa partijgenoaten keazen waard, waard yn Fryslân deputearre mei ferkear en ferfier, miljoe en earmoedbelied yn syn portefúlje. Dat late yn de Fryske polityk suver ta in skeel, om't de KristenUny earder âld-wethâlder Sicco Boorsma as kandidaat-deputearre nei foarren skood hie.[1]
Nei de ferkiezings fan 2011 dêr't er fannijs listoanfierder fan de KristenUny yn Fryslân fan wie en de KU wer trije sittennhelle, folge in kolleezje dêr't de KU troch it FNP by ferfongen waard.
Waarnimmend boargemaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Adema waard ein maaie 2011 ta waarnimmend boargemaster fan Achtkarspelen beneamd as opfolger fan Tjeerd van der Zwan, dy't boargemaster fan It Hearrenfean wurden wie. Adema bleau yn dy funksje oant healwei jannewaris 2013 doe't Gerben Gerbrandy him as boargemaster fan Achtkarspelen opfolge.
Op 12 augustus 2013 waard Adema waarnimmend boargemaster fan de Drintske gemeente Tynaarlo[2], dêr't er oant 16 desimber 2014 syn taak ferfolle. Op 22 desimber dat jiers waard er waarnimmend boargemaster fan Borger-Odoorn, ek yn Drinte, dêr't er oant juny 2015 bleau.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|