Springe nei ynhâld

Skout

Ut Wikipedy

In Skout (Aldfrysk: Skelta) wie yn it tiidrek fan de Midsiuwen (800-1200) in persoan dy't as lieder fungeare by in rjochtsgeding. Sels spruts er gjin rjocht, dat wie de taak fan de asega (rjochtsizzer). De skout wie fan Frankyske oarsprong, de asega kaam fan de Friezen sels, omdat it rjocht fûn wurde moast. Allinnich in deskundige fan it folks sels koe dat. De skout wie in amtner en út namme fan de Greve soarge er dat it rjocht syn berin krige. It rjocht út dat tiidrek hiet skouterjocht.

Yn de rin fan 12e iuw begûn it Greeflik gesach yn de Fryske gebieten ôf te takeljen. Om-ende-by 1200 ferdwûn de asega en de skout yn Fryslân, Grinslân en East-Fryslân. Dêr foar yn plak kaam yn Fryslân de grytman (Westerlauwersk Fryslân) of de redjeva (Easterlauwersk Fryslân) dy't sawol de funksje fan skout en asega yn him hie.