The Book of Souls is it sechstjinde studio-album fan Iron Maiden. It album waard opnommen tusken septimber en desimber 2014 yn de Guillaume Tell studios yn Parys, en waard acht moanne letter op 4 septimber2015 útbrocht. It album behelle yn meardere lannen de nûmer ien posysje yn de albumlisten. It album soe eins earder útbrocht wurde, mar as gefolch fan sykte fan sjonger Bruce Dickinson waard it album in skoftke útsteld.