Springe nei ynhâld

Wurdriuwen

Ut Wikipedy
Wurdriuwen

Wurdriuwen is in oanfolpuzel wêrby't dielen fan wurden oan elkoar plakt wurde moatte. Meastentiids wurdt it earste diel fan in gearstalling jûn en moat de twadde der by socht wurde. Faak is it nij te foarmjen wurd in gearstalling. Wurdriuwen wie in ûnderdiel fan it telefyzjeprogramma 'Tien voor Taal' en waard dêr 'wurdritsen' neamd.

Farianten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By guon wurdriuwpuzels moat in wurd tusken twa oare wurden ynfold wurde. Der moat dan in wurd fûn wurde dat efter it linker wurd en foar it rjochter wurd in nij wurd foarmet. Soms jouwe stipkes of streepkes tusken twa wurden oan út hoefolle letters it sochte wurd bestiet. Bygelyks: bak - - - - - goed (stien, want bakstien en stiengoed).

In wat langere foarm is de wurdkeatling wêrby 't troch riuwen in tichte keatling makke wurde moat. De fûne twadde helte fan de gearstalling wurdt wer it earste part fan in folgjende gearstalling. Hjir moat dan opnij in twadde helte by socht wurde. Bygelyks KROL - STURT - KLOK - HÛS -... ensfh.
Wurden wurde dan krekt salang oan elkoar riuwe oant der oansluting is op it startwurd. Dizze foarm waard ek yn it telefyzjeprogramma Tien voor Taal brûkt. De wurden kinne ek ûnder elkoar stean mei dêrtuskenyn in stipkestreek. Yn dat gefal moat in wurd socht wurde dat efter it boppeste wurd en foar it ûnderste wurd in nij wurd foarmet. Dit kaam ûnder oare foar by it ûnderdiel 'woordritsen' op de Tien voor Taal cd-roms.

In fariant hjirop waard ûnder de namme adword as belspul spile yn bygelyks it programma 'Puzzeltijd' Hjirby waarden trije wurden jûn mei dêrfoar of dêrefter in stipkestreek. Hjirby moast op de stipkestreek in wurd ynfold wurde dat foar of efter al dizze wurden in nij wurd foarme. Hjirby joech it oantal stipkes it oantal letters fan it wurd oan. Bygelyks: bak ----, ----bân, wetter----. Hjir moat dan it wurd 'fyts' ynfold wurde: bakfyts, fytsbân, wetterfyts.

In oar soarte ynfolpuzel is ôflaat fan krúswurdpuzels. Yn in diagram moat in wurd ynfold wurde dat efter in omskriuwing stiet as: beam-.........(9) wêrby ’t it wurd 'fersoarger' yn in puzeldiagram setten wurde moat. Dizze foarm wurdt yn puzelboekjes faak ynfolkrúswurdpuzel neamd.

Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerweefpuzelwordfeudwurdfrisselwurdianwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsiker